Aksje foar behâld bernehertsjirurgy yn it noarden

febrewaris 1, 2022 08:20

Tiisdei 1 febrewaris nimme Attje Kuiken fan de PvdA en Corinne Ellemeet fan GrienLinks fan de Twadde Keamer, goed 400 ûndertekene pûdsjes mei ferjit-my-netsjes út Ljouwert yn ûntfangst. Dy wurde oerlange troch de Ljouwerter riedspartijen PvdA, GrienLinks, FNP en trije learlingen fan Kristlik Gymnasium Beyers Naudé en Steedlik Gymnasium Ljouwert.

UMCG (foto: Wikipedia/MigGroningen – CC BY-SA 3.0)

Op 26 jannewaris hat de Ljouwerter gemeenterie, op inisjatyf fan de PvdA, FNP en GrienLinks, unanym de moasje Behâld fan Bernehertsjirurgy UMCG oannommen. Dy moasje ropt it kolleezje fan Deputearre Steaten op om de minister fan Folkssûnens op ’e hichte te stellen fan it belang fan behâld fan bernehertsjirurgy foar de ynwenners fan Noard-Nederlân en dêrmei ek foar de ynwenners fan de gemeente Ljouwert.

De Ljouwerter fraksjes jouwe oan dat it Haachske belied faak de belangen fan Noard-Nederlân ferjit. Sy wolle omtinken foar dy útsluting en yn it bysûnder foar de hjoeddeiske beslissing dy’t fiergeande gefolgen hat foar bern en har neisten: sûnder soarch sille sy net groeie.

febrewaris 1, 2022 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.