Advizen OMT wiene net ûnôfhinklik

febrewaris 11, 2022 15:55
Foto: Morguefile

It hat bliken dien dat de advizen fan it Outbreak Management Team of OMT net ûnôfhinklik wiene, mar dat de oerheid deroan meiskreaun hat. Dat docht de NOS te witten. Benammen yn 2020 hawwe amtners teksten fan it OMT wizige foardat dy buorkundich makke binne. It regear hat lykwols altiten sein dat it OMT as wittenskiplike advysrie folslein ûnôfhinklik wie.

De NOS basearret him op ûndersyk fan eigen sjoernalisten, dy’t foar it programma Nieuwsuur tûzenen oerheidsdokuminten opfrege hawwe. Ut mailwiksels docht bliken dat amtners fan it ministearje fan folkssûnens, ferskate kearen wizigings oanbrocht hat yn konsept-advizen.

Ien fan de wizigings dy’t amtners oanbrocht hawwe yn OMT-teksten is it advys út begjin 2020 oan ‘e âldereinsoarch en oan taksysjauffeurs om gjin mûlkapkes foar te binen. Doetiidsk OMT-lid perfesterske Bianca Schuurman seit dat hja krekt advisearre hie om mûlkapkes wol te ferplichtsjen. Hja seit: “We spraken af dat voorstel verder uit te werken. Als ik nu de zin zie die het ministerie daaraan toegevoegd heeft, dan schrik ik daarvan.”

Neffens de NOS binne der ek oanwizings foar dat amtners tekst tafoege hawwe oan notulen fan OMT-gearkomsten. De konsepten giene ek net altyd nei de OMT-leden ta: hja krigen soms allinnich de troch amtners bewurke stikken sûnder te witten dat dêr tredden oar gear west hiene.

Neffens heechlearaar yn de rjochten Jaap Sijmons fan de Universiteit Utert binne de yngrepen fan ‘e amtners yn striid mei de wet. It ministearje docht te witten dat de amtlike wizigings inkeld “verduidelijkingen” wiene. Neffens de NOS sizze guon OMT-leden dat dat net wier is en dat it wis wol giet om ynhâldlike oanpassings yn de tekst. Hja hiene neffens de NOS it gefoel dat de polityk him mei harren wittenskiplik advys bemuoide, mar koene dat net goed neigean.

febrewaris 11, 2022 15:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.