Achtkarspelen pilotgemeente Frysk en meartaligens op skoallen

febrewaris 8, 2022 07:43

“Taal, taal, taal en nochris taal. It belang fan taal, wy kinne der boeken oer skriuwe. Taal jout ús identiteit, yn talen kinne we ús uterje. Wy harkje, prate, lêze en skriuwe. En foar eltsenien hat syn of har memmetaal in bysûnder plak.” Deputearre Sietske Poepjes wie tongersdei 3 febrewaris op wurkbesite yn Bûtenpost om te praten mei wethâlder Jouke Spoelstra oer wêr’t de provinsje en de gemeente inoar fine en oanfolje kinne. De provinsje promoatet it Frysk mei ambysje en stipet Achtkarspelen by de útwurking fan syn eigen plannen.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

“Yn Achtkarspelen is in beweging yn gong set mei ûnder oaren de skoallen, pjutte-opfang en de biblioteek om der fan alles oan te dwaan om taligens te fergrutsjen en ek om posityf foar twa- en meartaligens oer te stean. Meartaligens en Frysk is in pree!”, seit wethâlder Spoelstra.

Meartalige skoalle
Guon skoallen binne al in hiel ein op paad. Sa binne der al tal fan ‘trijetalige skoallen’ dy’t it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk brûke. Fan basisskoalle it Holdersnêst út De Harkema wiene fjouwer bern nei it gemeentehûs kommen om by de bestjoerders en amtners te fertellen oer harren ûnderfiningen mei taal. Sy ha in koarte presintaasje oer harsels jûn, yn it Frysk fansels. Sy hiene lêsboeken mei dy’t hja thús en op skoalle lêze, yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frysk. Yn it petear fertelden de bern wat taal foar harren betsjut: “As ik op de kompjûter in spultsje doch en ik praat Ingelsk, dan kin ik mei bern fan oer de hiele wrâld prate. Thús prate wy Frysk en op skoalle in soad Nederlânsk, mar as ik op skoalle bin en lilk wurd of fertriet ha, dan gean ik daliks yn it Frysk oer, want dat is myn memmetaal.”

Skoalstiper
De provinsje wol elts bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen. Dêrom moat op syn lêst yn 2030 it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. It is de bedoeling dat oan eltse skoalle (primêr en fuortset ûnderwiis) in skoalstiper ferbûn wurdt. Dy ynventarisearret mei de skoalle wêr’t dy stiet en wat de skoalle noch nedich hat. In protte skoallen yn Achtkarspelen hawwe al in skoalstiper, in pear noch net. Foar wat de berne-opfanglokaasjes yn Achtkarspelen oanbelanget, dy rol wurdt al ynfolle troch de begelieders fan SFBO.

febrewaris 8, 2022 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.