Achtkarspelen jout Fryske les oan ynboargerders
Resint ferskynd

De gemeente Achtkarspelen jout as earste gemeente yn Fryslân struktureel lessen Frysk oan minsken dy’t ynboargerje wolle of moatte. De kursus begjint yn maaie en bestiet út trije yn-de-kunde-kommerslessen op kosten fan de gemeente en in jier lang selsstúdzje fia de Afûk. Fierder kinne de ynboargerders ek in fysike kursus folgje by de Afûk. As hja in ynkommen hawwe, betelje se dysels, oars docht de gemeente dat.
Yn 2023 wurdt de kursus evaluearre. As bliken docht dat der foldwaande positive reaksjes binne, wurdt er ek yn de rest fan Fryslân oanbean.
Ferline jier hat Achtkarspelen besocht om de kursus Frysk te beteljen út de Ryksbydrage dy’t gemeenten foar ynboargering, mar dat mocht net fan de Ryksoerheid, dy’t it Frysk net as part fan it ynboargeringstrajekt beskôgje wol.
Mei de kursus hawwe it Nederlânsk en Frysk noch gjin gelike status yn de ynboargering. De kursus wurdt nammentlik yn it Nederlânsk jûn. Dat wol sizze dat de ynboargerders al in ridlike kennis fan it Nederlânsk hawwe moatte ear’t hja begjinne kinne.
In wichtige stap!
In prima saak al jout it tagelyk oan dat as it der op oankomt it Ryk de twadde rykstaal wol moai, mar net fan belang fynt as it om nije ynwenners fan de provinsje giet.