Waarpraatsje: Tiisdei wat rein

febrewaris 28, 2022 19:13

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel moaie dei mei wer in soad sinne. Tiisdei kin der wat rein falle, mar in wiete boel wurdt it net.

Moandeitenacht rekket de loft stadichoan berûn. De sude- oant súdeastewyn is swak oant matich, mar boppe de Iselmar en by de noardlike kust lâns stiet wat mear wyn. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Tiisdei wurdt in skiere dei en der soe sa út en troch wat reine kinne. By in matige sude- oant súdeastewyn leit de temperatuer om de 6 graden hinne.

Fan woansdei ôf giet it waar wat hinne en wer, mar it bliuwt wol rêstich.

Jan Brinksma

febrewaris 28, 2022 19:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.