Ynspraakjûnen oer winsken en ambysjes Fryske Iselmarkust

jannewaris 24, 2022 07:55

Winsken en ambysjes oer de Fryske Iselmarkust binne foar de kommende tritich jier formulearre. Se binne yn gearwurking mei provinsje Fryslân, de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en de mienskip ta stân kommen. Op fjouwer ynspraakjûnen komme se fierder oan bod. Dy jûnen steane ek yn it ramt fan projekten dy’t taret wurde. Minsken dy’t dêr nijsgjirrich nei binne, binne fan herte wolkom.

Boarne: Gemeente Súdwest-Fryslân

Alhoewol’t 2050 noch fier fuort liket, komt de útfiering tichter by. Oan bygelyks de fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk wurdt al wurke. Dêrneist steane foar de kommende jierren ûnder oare it oanlizzen fan nije fytsrûtes en kuierpaden, it ferbetterjen fan plakken foar wettersporters en kitesurfers en it optimaal belibjen fan kultureel erfgoed op de planning.

Yn de gearkomsten wurdt sjoen oft de winsken en ambysjes aktueel en folslein binne en oft der mooglik nije inisjativen binne dy’t noch yn de projekten meinommen wurde kinne. Dêrneist stiet de jûn yn it teken fan de fraach wat der nedich is om de inisjativen út te fieren. Fansels is der gelegenheid ta it stellen fan fragen.

Oanmelde fia e-mail
De ynspraakjûnen binne online fan 19.30 oant 22.00 oere op de folgjende data: foar Starum en omkriten: tiisdei 25 jannewaris, foar Makkum en omkriten: tongersdei 27 jannewaris, foar Warkum en omkriten: woansdei 2 febrewaris en foar De Lemmer en omkriten: tongersdei 3 febrewaris. Oanmelde kin troch in mail te stjoeren nei sekretariaatijsselmeerkust@fryslan.frl, ûnder fermelding fan de oanbelangjende datum.

jannewaris 24, 2022 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.