Wytse Hospes op dield earste plak yn Aldereinsjongfestival

jannewaris 4, 2022 11:31

Wytze Hospes
boarne: www.ouderenfestival.nl

Ferline wike frege Wytse Hospes fan Tersoal oan de lêzers fan It Nijs om in stim op him út te bringen by de online stimming fan it lanlik Aldereinsjongfestival (Help frege | It Nijs). Dat hat fertuten dien!

De útslach is no bekend. Hospes stiet op in dield earste plak. Hospes: “Al hat der mar ien fan de lêzers op my stimd, dan hat dat wol in hiel wichtige stim west, want mei ien stim minder hie ik op it twadde plak stien en dat is fansels hiel wat oars as in dield earste plak!” Hy is der tige erkentlik foar en betanket de lêzers.

De sjongfinale fan 2021 gie fanwegen koroana net troch, mar miskien kin de echte finale yn it De La Marteäter yn Amsterdam fierderop yn dit jier dochs noch holden wurde. Dêr hopet Hospes dan mei syn Fryske liet ‘Syn leafde foar de see’ in sa goed mooglik resultaat te beheljen.

It winnende optreden fan Hospes is hjirûnder noch te besjen en te beharkjen.

jannewaris 4, 2022 11:31
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Ate jannewaris 5, 15:05

    Moai dien Wytse. Op nei it de Lamar theater

  2. Nico Voolstra jannewaris 5, 15:53

    Prachtich song Wytse, do hast yndied in moaie stim! Sukses!
    Groetnis Nico en Corry Voolstra.
    Feanwâldsterwâl.

  3. Ida Feenstra jannewaris 5, 18:10

    Wat in moai liet en wat moai songen Wytze!
    Alfêst in protte súkses tawinske yn ir de La Marteater!

  4. Johannes Wolbers jannewaris 6, 19:17

    Mooi songen, in 1e plak wurdich. Op nei de La Martheater.

  5. Akke Blom jannewaris 7, 12:46

    Prachtich liet Wytse. Ik krij der gjin genôch fan. Sa’n liet dêr’t je de radio lûder foar sette.

  6. Tjerkje Kooistra-de Vries jannewaris 7, 13:12

    Wytze wat in geweldich moai resultaat. Lokwinske!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.