WHO: reisbeheinings hawwe gjin doel mear
Resint ferskynd

Koroanaregels dy’t it reizgjen tusken lannen beheine moatte, binne sinleas wurden. Dat seit de wrâldwide organisaasje foar de sûnens WHO. It omikronskaai fan it koroanafirus is net mear te remjen mei reisregels. Neffens de WHO is it de baas dat sokke regels opheft wurde.
De regels dy’t bygelyks foarskriuwe dat minsken yn karantêne moatte of harren faak teste litte moatte, wurkje neffens de WHO sels averjochts, omdat se oerheden derta ûntmoedigje om “helder en fluch te rapportearjen dat der in nij firusskaai wreidet”, konkludearre de WHO woansdei op in gearkomste.
De iennichste regel dy’t nut hâldt is dat oerheden easkje dat minsken dy’t it lân yn wolle yninte binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje