WHO: Ein pandemy yn Europa is mooglik yn sicht

jannewaris 24, 2022 08:52

“It is mooglik dat de regio him yn ’e rjochting fan in pandemysk einspul beweecht.” Dat seit de Belch Hans Kluge fan de Wrâldsûnensorganisaasje WHO oer de koroanagoarre yn Europa.

Foto: pixabay.com

Troch it omikronskaai is de koroanagoarre yn in oare faze telâne kommen. Kluge, direkteur Europa fan de WHO, seit yn in fraachpetear mei it Frânske parseburo AFP dat “wannear’t omikron ienris ferdwynt, der foar hiel wat wiken en moannen in perioade fan wrâldwide ymmuniteit wêze sil”.

Dy ymmuniteit is neffens Kluge te tankjen oan de faksinaasjes en besmettingen op grutte skaal. Der sil ek minder firusgefoelichheid wêze troch seizoensynfloeden. Kluge ferwachtet dat tsjin maart likernôch sechtich persint fan de Europeanen in besmetting mei it omikronskaai trochmakke hat.

“Wy ferwachtsje in perioade fan rêst foardat Covid-19 tsjin de ein fan it jier weromkomt.” Hy seit dat er derfan útgiet dat dat net mear yn ’e foarm fan in pandemy wêze sil, mar dat koroana dan endemysk en behearskber is, lykas de gryp. Hy basearret syn ferwachtingen op it ferrin fan it relatyf mylde omikronskaai, dêr’t fan bewiisd is dat minsken dêr oer it generaal minder siik fan wurde as fan it deltaskaai. Wol hâldt er noch slaggen om ’e earm: “It firus hat ús mear as ien kear ferrast, dat wy moatte tige hoeden wêze.”

jannewaris 24, 2022 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.