Wêrom’t minsken Noard-Frysk leare
Resint ferskynd
Wat bekrûpt minsken dat se Noard-Frysk leare? Op syn heechst seis persint fan de ynwenners fan Noard-Fryslân prate dy foarm fan it Frysk, dy’t ek nochris út in pear tige ferskillende dialekten bestiet. It tal sprekkers wurdt rûsd op acht- oant tsientûzen.
Eila is troud mei in sprekker fan it Noard-Frysk en hat it leard om har man, dy’t mei de bern ek Noard-Frysk praat. Hja fynt it dreech om Noard-Frysk te praten mei minsken mei wa’t se altiten Dútsk praat hat, mar besiket it yn nije kontakten wol sa folle mooglik te praten.
Eila is ien fan de minsken dy’t oan it wurd komme yn de nije podcast Weeram eentlik Frasch? (‘Wêrom eins Frysk?’) fan Eike en Manuela. De rige is folslein yn it Mooringer dialekt fan it Noard-Frysk. Alle kearen prate hja mei in mannich learders fan it Noard-Frysk. Hja litte minsken mei ferskillende eftergrûnen oan it wurd: Eila komt út Noard-Fryslân, krekt as Thore, dy’t it op skoalle leard en dêrnei byhâlden hat en Ralph, dy’t it al ferstean koe, mar earst nei syn pensjoen begûn is mei it te praten. Lukas is lykwols in Deen dy’t as hobby talen leart en no mei in kursus Noard-Frysk dwaande is en Flo komt út East-Dútslân en is ûnder de besnijing kommen fan de taal doe’t er dy tafallich ris yn ‘e trein hearde. Letter kaam er yn in Noard-Fryske kroech te wurkjen. Dêr krige er ferkearing mei in Frysktalige kollega en no praat er yn it deistich libben safolle mooglik Noard-Frysk.
Weeram eentlik Frasch? is diel fan in rige podcasts dy’t ûnder de namme Hark iinjsen (‘Harkje ris’) op ynternet ferskynt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje