Wêrom’t it Nederlânsk as sjongtaal wer populêr wurdt
Resint ferskynd

Faaks is der in Flaming foar nedich om yn ‘e rekken te krijen dat Nederlanners langer folle mear yn it Nederlânsk sjonge. Gunther van Assche beskriuwt yn De Morgen hoe’t syn memmetaal by de noarderbuorlju weromkomt as sjongtaal. De artysten dy’t er neamt, binne ek yn Flaanderen populêr.
It binne benammen froulju, skriuwt Van Assche: Eefje de Visser, S10, Froukje Veenstra, Thyrza, Merol, Maan, Meis en Meau hearre by in groep froulike artysten dy’t yn it Nederlânsk sjonge en ek bûten de grinzen fan Nederlân populêr binne.
Van Assche hat mei harren praat en frege nei de reden foar harren taalkar. Gauris binne se ynspirearre troch oare sjongers dy’t foar it Nederlânsk keazen, lykas Spinvis en Bazart. Mooglik hat ek de tichtplicht en de ûnmooglikens fan bûtenlânske foarstellings wat mei de kar foar de eigen taal te krijen, krekt as it feit dat net-Ingelsktalige muzyk lykas it Frânsk fan Stromae wrâldwiid beharke wurdt. De wichtichste ferklearring liket lykwols te wêzen dat de froulju simpelwei sjonge wolle yn de taal dy’t it tichtste by harren stiet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje