Wêrom geane de lêste moannen safolle Friezen dea?

jannewaris 6, 2022 21:37
Foto: Kenny Orr (Unsplash)

It kabinet moat ûndersyk dwaan nei de oerstjerte yn Nederlân. Dat sizze ferskate âldereinorganisaasjes. Ut CBS-sifers docht bliken dat de oerstjerte yn Nederlân, benammen ûnder 65-plussers, folle heger is as yn lannen om ús hinne. De stjerte is al heger sûnt oktober 2021. Utfeartûndernimmers hawwe de ekstra stjerte ek fernommen.

In eardere oprop fan Keamerlid Pieter Omtzigt foar sa’n ûndersyk waard oannaam troch de Twadde Keamer, mar it kabinet seit der foarearst net oan te begjinnen. Dy skoot it troch nei it nije kabinet dat takom wike beëdige wurdt.

De oerstjerte is ek yn Fryslân te sjen. Yn desimber 2021 lei de stjerte tritich persint heger as dat ferwachte waard. Coen van den Heuvel fan de Stichting Fryske âldereinbûnen neamt it dan ek ûnakseptabel dat it ûndersyk salang op him wachtsje lit. Hy wol witte hoe’t it oerheidsbelied de stjertesifers beynfloede hat.

Utfeartûndernimmer Wilfried Manning seit tsjin Omrop Fryslân dat in soad minsken stjerre troch iensumens of trochdat har behanneling net trochgean koe.

Boarne: Omrop Fryslân

jannewaris 6, 2022 21:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.