Welske oerheid sprekt Amazon oan op taaldiskriminaasje
Resint ferskynd

Klanten meie gjin Welsktalige resinsjes pleatse op it Welske webstee fan Amazon, mar de Welske oerheid wol dat net samar ynskikke.
Op it ferkeaperswebstee Amazon kinne klanten resinsjes pleatse fan produkten dy’t se kocht hawwe. Dat is in tsjinst dy’t se oan mooglike takomstige keapers ferliene. Dy kinne de foar- en neidielen fan sa’n produkt better ynskatte.
Der binne allegear ferzjes fan Amazon, lykas www.amazon.frl, dat gjin eigen ynhâld hat, mar jin trochlinkt nei www.amazon.nl, wat foar de Dútske Friezen faaks net hielendal wie wat hja woene. Klanten moatte kieze út de talen Nederlânsk en Ingelsk.
De domeinnammen www.amazon.wales en www.amazon.cymru hawwe ek gjin eigen ynhâld, mar sette de Welske brûker de ferzje fan it Feriene Keninkryk foar: www.amazon.co.uk. In taalkar hat de brûker dêr net: it webstee is inkeld yn it Ingelsk beskikber.
Resinsjes fan klanten moatte ek yn it Ingelsk wêze. It bedriuw Amazon akseptearret gjin Welsktalige resinsjes, ek net fan minsken dy’t de ekstinsje .wales of .cymru brûkt hawwe. Allinnich foar besprekken fan Welsktalige boeken wurdt in útsûndering makke. Ien dy’t in Welske resinsje fan it boerdspul Hyderus pleatse woe, krige te hearren dat dat net tastien wie.
Neffens de Welske taalkommissaris Aled Roberts kin dat der net op troch. Yn it taalbelied fan de Welske oerheid spilet it begelieden fan bedriuwen by it opsetten fan twatalige tsjinstferliening in grutte rol. Roberts seit dat er wat dwaan wol oan de “tige frustrearjende situaasje” by Amazon. Neffens him is twataligens yn Wales de noarm wurden en geane in soad Welsktalige klanten derfan út dat hja harren eigen taal brûke kinne.
Roberts hat Amazon stipe oanbean by it opsetten fan in Welsktalige ferzje, mar it bedriuw hat noch net reagearre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje