Waarpraatsje: Wykein net drûch

jannewaris 7, 2022 19:40

Haskerhoarne.
Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed noch wol in kreaze dei, mar it waar foar sneon en snein sjocht der minder goed út.

Freedtenacht binne der opklearringen, mar der falle ek buien, miskien wol mei winterske delslach. De weste- oant súdwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit tusken it friespunt en +4 graden.

Sneon skynt de sinne earst noch sa út en troch, mar geandewei rekket de loft berûn en letter op ‘e dei set it op in reinen. Wat wiete snie is ek net hielendal útsletten. De wyn giet nei it suden en wurdt matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich en yn it Waadgebiet hurd. It wurdt 4 graden, mar troch de wyn fielt it in stik kâlder oan.

Snein wurdt it mei in graad as 6 wat mylder, mar wy sjogge de sinne net in soad. It bliuwt by in matige oant frij krêftige westewyn ek net drûch.

Takomme wike sil it mylder wurde. In soad reinwetter wurdt net ferwachte.

Warskôging:
Freedtejûn, freedtenacht en yn de iere moarntiid kin it troch befriezen fan wiete diken en wat winterske delslach op guon plakken glêd wurde.

Jan Brinksma

jannewaris 7, 2022 19:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.