Waarpraatsje: Unlijich
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie alwer in skiere dei en it bleau ek net oeral drûch. Wy krije no in pear wat kâldere dagen.
Woansdeitenacht wikselje opklearringen en buien inoar ôf. Der is in lytse kâns op in bui mei wat winterske delslach. De noardwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich en by de noardlike kust lâns hurd, mei kâns op wynpûsten. De temperatuer leit om it friespunt hinne.
Tongersdei falle der rûnom winterske buien, mar wy sille de sinne grif ek wol sjen. De wyn komt út it noardwesten en is matich oant frij krêftich, mar by de kust lâns krêftich. It wurdt 5 graden. Troch de wyn sil it ûnlijich wêze.
Freed is wer in oergonsdei en fan sneon ôf komt it rêstige waar wer werom
Warskôging:
Tongersdeitenacht en yn ‘e iere moarntiid kin it op guon plakken (wat) glêd wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje