Waarpraatsje: Unlijich

jannewaris 4, 2022 19:30

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is foarearst dien mei it tige mylde waar. Wy krije no in wat kâldere rite mar winter wurdt it net.

Tiisdeitenacht binne der opklearringen, mar letter rekket de loft berûn en yn ’e moarntiid kin der in bui falle. De westewyn is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Woansdei is de loft foar it grutste part berûn en der falle buien, miskien wol mei heil en in slach tonger. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is matich oant frij krêftich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar wer krêftich oant hurd. It wurdt 6 graden, mar troch de wyn fielt it kâlder oan.

Tongersdei liket it, sa goed as, drûch te bliuwen.

Jan Brinksma

jannewaris 4, 2022 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.