Waarpraatsje: Tongersdei drûch

jannewaris 5, 2022 18:47

Omkriten Haskerhoarne. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der foelen woansdei rûnom yn Fryslân buien en troch de wyn fielde it kâld oan. Tongersdei bliuwt it, sa goed as, drûch.

Woansdeitenacht wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns stiet earst noch wat mear wyn. De temperatuer leit tusken it friespunt en +4 graden.

Tongersdei skynt de sinne sa út en troch en it bliuwt op de measte plakken drûch. De swakke oant matige wyn krimpt yn ‘e rin fan ‘e dei fan it westen nei it suden oant súdwesten. It wurdt 6 graden.

Freed, sneon en snein bliuwt it net drûch.

Warskôging;
Woansdeitenacht en yn ‘e iere moarntiid kin it troch befriezing fan wiete diken op guon plakken wat glêd wurde.

Jan Brinksma

jannewaris 5, 2022 18:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.