Waarpraatsje: Tige rêstich
Resint ferskynd

Tusken De Jouwer en Skarsterbrêge. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It waar sit sa fêst as in hûs, mar der sit stadichoan wol wat feroaring yn ‘e loft.
Moandeitenacht is de loft berûn en der stiet hast gjin wyn, mar yn it Waadgebiet waait in swakke oant matige súdwestewyn. It wurdt 3 graden.
Tiisdei is it wer skier mar wol drûch. By in swakke súdwestewyn sil it net folle waarmer wurde as 4 graden.
Woansdei is it noch rêstich, mar fan tongersdei ôf wurdt it wat ritiger en ek mylder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje