Waarpraatsje: Rêstich

jannewaris 11, 2022 19:26

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in grize en rêstige dei en dat bliuwt it foarearst ek.

Tiisdeitejûn kin it earst in hiel lyts bytsje reine, mar geandewei ‘e nacht klearret it op en op guon plakken kin dan damp ûntstean. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer tusken de -2 en +2 graden.

Woansdei is der bewolking, mar der binne grif ek in pear opklearringen. Op guon plakken kin it ek dampich wêze of bliuwe. De wyn is swak en komt earst út ferskillende rjochtingen, mar giet letter, nei alle gedachten, nei it súdwesten. It wurdt in graad as 5.

Nei woansdei bliuwt it rêstich, mar wol faak skier waar.

Jan Brinksma

jannewaris 11, 2022 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.