Waarpraatsje: Pear ritige dagen

jannewaris 6, 2022 19:23

Trambrêge De Jouwer.
Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze tongersdei krije wy no in pear dagen mei buien as rein.

Tongersdeitenacht is de loft berûn en reint it in skoft. Wat wiete snie is ek net hielendal útsletten. Letter yn ‘e nacht falle der in pear buien. De wyn komt út it súdwesten en is frij krêftich, by de kust lâns krêftich. De temperatuer leit tusken de 1 en 5 graden.

Freed wikselje bewolking en in pear opklearringen inoar ôf. Der falle rûnom buien, miskien wol mei heil en in slach tonger. De weste- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Yn ‘e rin fan ‘e dei jout de wyn him wat del. It wurdt in graad as 5.

Yn it wykein sjogge wy de sinne hast net en it bliuwt ek net drûch.

Jan Brinksma

jannewaris 6, 2022 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.