Waarpraatsje: Oanhâldend rêstich
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It waar yn Fryslân wie tongersdei hast gelyk oan dat fan woansdei. Op guon plakken wie it strieljend waar, op oare plakken bleau it skier of kaam de sinne der lang om let noch by. It bliuwt hiel rêstich winterwaar.
Tongersdeitenacht wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf en der soe ek wat damp ûntstean kinne. By in swakke oant matige westewyn leit de temperatuer tusken de 2 en 6 graden.
Freed liket it wer in skiere dei te wurden, mar by de kust lâns makket de sinne noch wol in kâns. De swakke wyn komt út it westen en it wurdt 6 graden.
Yn it wykein sille wy de sinne net in soad sjen, mar it bliuwt wol, sa goed as, drûch.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje