Waarpraatsje: Net dynamysk

jannewaris 14, 2022 19:38

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in skiere freed en it bleau ek net oeral hielendal drûch. Yn it wykein feroaret der net in soad oan it tige rêstige waar.

Freedtenacht is de loft berûn en der kin sa út en troch wat storein falle. Der is boppedat  kâns op damp. By in swakke wyn út ferskillende rjochtingen wurdt it 4 graden.

Sneon is it earst skier mei noch kâns op dampich of dizenich waar. Wat storein is ek net hielendal útsletten. Geandewei de dei soe de sinne him ek sjen litte moatte, mar it is net wis oft dat ek slagje sil. De wyn giet nei it suden oant súdeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Snein sil wer in skiere dei wurde en der soe sa út en troch wat storein falle kinne. By in swakke oant matige westewyn wurdt it 7 graden.

Takomme wike bliuwt it, sa goed as, drûch. Fan winterwaar is hielendal gjin sprake.

Jan Brinksma

jannewaris 14, 2022 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.