Waarpraatsje: Myld wykein

jannewaris 28, 2022 19:01

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze freed krije wy in myld wykein mei sa út en troch wat rein.

Freedtenacht is de loft berûn en it kin wat (sto)reine. It is boppedat op guon plakken dizenich. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. By de noardlike kust lâns stiet noch wat mear wyn. It wurdt 6 graden.

Sneon is it meast skier mei letter op ‘e dei wat rein. De wyn rommet fan it súdwesten nei it noardwesten en wurdt matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd en by de noardlike kust lâns letter stoarmich mei kâns op swiere wynpûsten. Mei in graad of 9 is it myld.

Snein feroaret der net in soad oan it waar. By in matige noardwestewyn wurdt it 8 graden. In glimp fan ‘e sinne is net hielendal útsletten en it bliuwt, sa goed as, drûch.

Takomme wike is it myld en rûzich mei op alle dagen kâns op (wat) rein.

Jan Brinksma

jannewaris 28, 2022 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.