Waarpraatsje: Moandei noch myld
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in hiel myld wykein krije wy noch ien ‘waarme’ dei. Fan tiisdei ôf wurdt it wat kâlder.
Sneintejûn kin der in flinke bui falle, mar yn ‘e nacht klearret it op. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. It wurdt 8 graden.
Moandei skynt de sinne sa út en troch en it bliuwt, sa goed as, drûch. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Yn ‘e rin fan ‘e dei jout de wyn him wat del. Mei in graad as 10 is it noch hieltyd te myld foar de tiid fan it jier.
Fan tiisdei ôf wurdt it kâlder.
In hiel goed en sûn 2022 tawinske!
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje