Waarpraatsje: Mear wyn en mylder

jannewaris 25, 2022 19:02

Sportpark de Hege Simmerdyk op ‘e Jouwer.
Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in grauwe en kâlde dei en it bliuwt noch ien dei rêstich waar.

Tiisdeitenacht is it bewolkt. De wyn komt út it súdwesten en is swak, mar by de kust lâns stiet in matige westewyn. De temperatuer leit in pear graden boppe it friespunt.

Woansdei sille wy de sinne wer net sjen en yn ‘e moarntiid kin it, sa út en troch, wat storeine. De súdwestewyn wurdt matich, mar by de kust lâns waait in frij krêftige weste- oant súdwestewyn. It wurdt in graad of 6.

Tongersdei is it rûzich en myld. It bliuwt ek net drûch.

Jan Brinksma

jannewaris 25, 2022 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.