Waarpraatsje: Kâns op damp
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie moandei in strieljende en frisse winterdei. It bliuwt dizze wike hiel rêstich waar.
Moandeitenacht is it helder en it kin dampich wurde. De sudewyn is swak, by de kust lâns matich en de temperatuer leit om it friespunt hinne.
Tiisdei is it earst dizenich of dampich, mar geandewei sjogge wy de sinne, nei alle gedachten, ek noch wol. Letter yn ‘e middei nimt de bewolking ta en soe it in bytsje reine kinne. By in swakke oant matige sude- oant súdwestewyn wurdt it net folle waarmer as 3 graden.
Nei tiisdei feroaret der net folle.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje