Waarpraatsje: Drûge wike

jannewaris 9, 2022 20:04

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It hat yn it wykein flink reind, mar der wiene ek kreaze mominten. Wy krije no in, sa goed as, drûge wike.

Sneintenacht wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der kin ek noch in bui falle. By in swakke sudewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Moandei sille wy de sinne geregeld efkes sjen en it bliuwt drûch. De wyn komt út it suden en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt 7 graden.

Tiisdei en woansdei feroaret der net in soad.

Jan Brinksma

jannewaris 9, 2022 20:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.