Waarpraatsje: Dizenich en dampich
Resint ferskynd

Omkriten Skarsterbrêg. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in bysûndere dei. Op guon plakken bleau it hast de hiele dei dizenich en dampich, wylst it op oare plakken in hiel skoft strieljend waar wie. It bart net sa faak dat de ferskillen yn Fryslân sa grut binne. De kâns op damp bliuwt.
Woansdeitenacht kin it wer dampich wêze, mar by de kust lâns binne opklearringen net útsletten. By in swakke oant matige súdwestewyn leit de temperatuer krekt boppe it friespunt.
Tongersdei is it earst op in soad plakken dizenich. Krekt as woansdei binne der yn Fryslân miskien wer plakken mei (in soad) sinne, mar op oare plakken kin it de hiele dei skier bliuwe. De swakke oant matige wyn komt út it súdwesten oant westen en de temperatuer leit tusken de 4 en 7 graden.
Freed en sneon feroaret der net in soad.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje