Waarpraatsje: De sinne kriget it wer dreech

jannewaris 20, 2022 17:37

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei kâld en ûnlijich en der foelen rûnom winterske buien, mar der barde wer ris wat. Fan freed ôf krije wy wer in rêstige rite.

Tongersdeitenacht wikselje opklearringen en in pear (winterske) buien inoar ôf. De noardwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Freed skynt de sinne sa út en troch, mar der kin ek noch in bui falle. Geandewei de dei rekket de loft berûn. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich.

Fan sneon ôf is it wer, sa goed as, drûch. De sinne hat it wol hiel dreech.

Warskôging:
Tongersdeitejûn, tongersdeitenacht en yn ‘e iere moarntiid kin it op plakken glêd wurde.

Jan Brinksma

jannewaris 20, 2022 17:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.