Uterter ûndersiket anty-Fryske hâlding en beskuldiget Friezen fuortendaliks fan ‘chauvinisme’

jannewaris 13, 2022 23:42

Wêr wenje de anty-Friezen en wêrom binne se dat? Dy fraach wol sjoernalist-yn-oplieding Renaldo Korst fan de Hogeschool Utrecht beäntwurdzje foar in artikel dat er skriuwt. Dat docht er yn oparbeidzjen mei it Grinzer nijswebstee Sikkom.

De oanlieding foar it ûndersyk is neffens Korst ûnder oaren dat er in anty-Fries yn syn netwurk hat en dat er lêzen hat dat Cambuur-supporters net safolle hawwe moatte fan de pompeblêden en it Frysk folksliet fan konkurrint SC Heerenveen.

It nuvere oan it ûndersyk fan Korst is lykwols dat er sels ek in anty-Fryske hâlding yn liket te nimmen. Minsken dy’t meidogge oan syn ûndersyk moatte oanjaan oft se harsels as anty-Friezen beskôgje. Hy jout dêr de folgjende definysje fan:

Chauvinisme is neffens it wurdboek “Blinde, fanatieke ingenomenheid met alles van en in eigen land; overdreven vaderlandsliefde en het manifesteren daarvan”. As de ûndersiker dat sels al fynt en as er fynt dat it sjauvinistysk is om “de provincie” belangriker te finen as “het land”, dan klinkt dat net sa objektyf.

Yn it ûndersyk fan Korst moatte jo ek oanjaan oft jo josels as Fries of as Nederlanner beskôgje. Jo moatte lykwols kieze, beide kin net. Jo moatte ek oanjaan wêrom’t jo in anty-Fries binne, sels as jo dat net binne. De fraach oerslaan kin net.

It ûndersyksformulier fan Korst is hjir te finen.

jannewaris 13, 2022 23:42
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Eelke Wiegersma jannewaris 14, 06:26

    Sikkom is fan Willem Groeneveld, in man dy’t him al earder kennen litten hat as in sterk anty-Frysk persoan. It soe my net ferbaze, dat hy de konklúzjes fan it undersyk by foarbaat al betocht hat en dat hy it enkel brûkt foar skreeuwende anty-Fryske koppen op syn weblog. Alles foar de traffic fan syn fral Grinzer lêzers nei syn ‘sjoernalistike’ platfoarm.

  2. Wim jannewaris 14, 06:31

    Ik ha sels net sa folle mei bollefjochterijen (stopje!), de Spaanske flagge (dat kin dochs wol moaier? Wêr binne de pompeblêden?), of it Spaanske folksliet (ik ferstean der neat fan). Sa te sjin bin ik dan anty-Spaansk… Dat is fansels maklik scoren: jo kinne sizze dat in part fan Fryslân anty-Frysk is, inkeld en allinich omdat jo der in kreative definysje op nei hâlde.

    Sa te sjin bin ik ek anty-NL en in grut part fan NL ek: it Wilhemus is in núver folksliet (Duitse bloed, Hispanje), 3 túten fyn ik te folle, de jirdei fan de kening fiere ha ik neat mei (útsein in frije dei), ik fyn de trijekleur in saai flagje.

    Jo binne anty-Kristelyk as jo fine dat ‘God zij met ons’ fan de euro ferdwine moat en de tsjerken op sneintemoarn de bel net liede meie. Jo binne pro-pedofilie as jo fine dat bern fan 6 jier ek rjochten ha. Smyt fansels wer in goeie kop op, mei de nedige kliks. Kreatieve sjoernalist, dy komt der wol!

  3. wim jannewaris 14, 06:46

    En anty taal wat hâldt dat yn? Anty Fryske taal, of ek de oare talen yn Fryslan sa as it stêdfrysk of it Biltkers? 1 fan únder de Tsjonger hat miskien neat mei it Frysk mar wol mei it oertsjongersk, dat is dochs ek Frysk?

  4. Kerst Huisman jannewaris 14, 17:59

    Wy soenen Willem Groeneveld ris dy fersrigel fan Vondel út 1672 foarhâlde kinne, doe’t dy de lof stuts fan de stêd Grins, dy sa moedich it belis fan Bommen Berend trochstien hie. It giet om de earste rigel fan Vondel’s lofdicht: ‘O Groningen, pilaar en hoofdstad van de Friezen’.

  5. Freerk jannewaris 19, 20:00

    De hear Korst moat earst leare goed Nederlâns te skriuwen. De ‘uitkomst van de resultaten’ is twa kear itselde. It is ‘de uitkomsten van de enquete’ of ‘de resultaten van de enquete’.
    “doeleinde” moat mei ‘n’ der efter. Noait fan mearfâld heard?
    Twadde alinea: Trije kear in sin begjnne mei “Ik ben’. liket nearne nei. ‘Vandaan komen en vandaar deze…’ briker kin it net.
    ‘Anti-Fries houd’: ‘houdt’ mei ‘dt’, menear de journalist.
    Werom nei de taalles, Korst.

    Algemien: Ik haw noch net faak sokke suggestieve fragen sjoen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.