Universiteit Kiel wol Arjen Versloot as nije perfester Frysk

jannewaris 12, 2022 13:58
Arjen Versloot (priveefoto)

De Christian-Albrechts-universiteit yn it Dútske Kiel wol Arjen Versloot as nije heechlearaar Frysk. De universiteit hat tiisdei buorkundich makke dat de kar op Versloot fallen is. Dy moat sels noch wol tasizze. As er dat docht, folget er Jarich Hoekstra op, dy’t dit jier mei pensjoen giet.

De 56-jierrige Versloot is berne yn Noard-Hollân en opgroeid op ‘e Feluwe. Nei syn stúdzje ierdrykskunde yn Utert teach er nei Fryslân. Hy wenne yn Hilaard, dêr’t er ek wurke as makker fan plattegrûnen en lânkaarten. Fierder wurke er as ûndersiker by de Fryske Akademy. Yn 2008 promovearre er op in proefskrift oer lûdferswakking yn it 15e-iuwske Frysk en yn 2010 waard er heechlearaar Germaanske talen oan de Universiteit fan Amsterdam. Dêr hie er ek de lieding oer it ûnderwiis op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde. Versloot is by in protte Friezen ek bekend foar it wurk dat er dien hat as bestjoerslid fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Syn foargonger yn Kiel, Jarich Hoekstra, hat ek foar de Fryske Akademy en de Universiteit fan Amsterdam wurke. Beide ûndersikers rjochtsje harren benammen op de taalkunde. Hoekstra hâldt him lykwols mear dwaande mei de Fryske sinbou en mei it Noard-Frysk, wylst Versloot him mear rjochtet op de lûdlear, it (Nederlânske) Westerlauwersk Frysk en de dialekten fan de ûntfryske gebieten yn it Noard-Hollânske West-Fryslân.

Kiel is it iennichste plak op ‘e wrâld dêr’t jo noch in universitêre stúdzje Frysk op bachelor- en masternivo folgje kinne. Yn Amsterdam en Flensburch is de stúdzje redusearre ta in byfak, yn Grins is Frysk ûnderdiel fan de stúdzje meartaligens. Fierder kinne jo Frysk as learare-oplieding studearje oan hegeskoalle NHL Stenden. Byfakken Frysk binne der oan ferskate universiteiten. Yn Kiel leit it swiertepunt fan de stúdzje by it Noard-Frysk, mar it Westerlauwerske Frysk en Sealterfrysk wurde ek bestudearre. De studinten Frysk yn Kiel moatte oan ‘e ein fan harren stúdzje twa farianten fan it Frysk behearskje. Dat meie twa Noard-Fryske dialekten wêze, mar it Westerlauwersk Frysk mei der ek ien fan wêze.

jannewaris 12, 2022 13:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.