Unbekende bistesoarten ûntdutsen yn Mekong-gebiet
Resint ferskynd
Wittenskippers hawwe yn it streamgebiet fan de Mekong-rivier, yn Súdeast-Azië, 224 oant no ta ûnbekende plante- en bistesoarten ûntdutsen. Hja fûnen 155 planten, 35 reptilen, santjin amfibyen, sechtjin fisken en in apesoarte: de Popa langur. ‘Popa’ ferwiist nei de Popa-fulkaan yn Myanmar, it gebiet dêr’t er ûntdutsen waard.

Mekong (foto: pixabay.com)
Fan dy apesoarte binne nei alle gedachten noch sa’n 200 oant 250 eksimplaren yn libben. Harren libbensgebiet is fersnipele. Se binne fotografearre troch kamera’s dy’t yn 2018 yn it oerwâld ophongen binne.
De Mekong ûntspringt yn Tibet en streamt troch Myanmar, Laos, Tailân, Kambodja en Fjetnam. Sûnt 1997 binne yn dy lannen mear as trijetûzen soarten ûntdutsen. It Wrâldnatuerfûns, dat it nijs buorkundich makke, seit dat it de needsaak ûnderstreket om it bioferskaat yn dy regio te beskermjen.
“Yn it gebiet libje in stikmannich fan de bekendste en meast bedrige soarten dy’t der binne, lykas de tiger en de reuzemarfal”, sei in wurdfierder tsjin parseburo DPA. “Harren libbensomjouwing moat fanwege it enoarme bioferskaat perfoarst beskerme wurde.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje