Tryater-aktrise Brecht Wassenaar regisseur ‘Grauwe Hemel’

jannewaris 23, 2022 08:37 Fernijd

De lokaasjefoarstelling Grauwe Hemel yn Foudgum, oer it libben en wurk fan predikant François HaverSchmidt alias dichter Piet Paaltjens, dy’t yn maaie dit jier spile wurde sil, wurdt regissearre troch Brecht Wassenaar. Frou Wassenaar fan Ljouwert is in regisseur fan iepenloftspullen en oare teaterproduksjes yn Fryslân, en aktearret sels foar ûnder mear Omrop Fryslân, Pier21 en Tryater. De kaartferkeap set meikoarten útein.

Brecht Wassenaar (foto: ©Siem Akkerman fotografie)

Brecht Wassenaar nimt de rezjy oer in bysûndere, lytse spilersgroep: de haadrollen wurde fertolke troch Johannes Keekstra en Frank de Wilt, dy’t respektivelik HaverSchmidt en Paaltjens foar harren rekken nimme. Dochs ferskine der folle mear personaazjes op it toaniel. Hoe’t dat bart, wurdt letter dúdlik.

Keekstra is inisjatyfnimmer fan it Grauwe Hemel-projekt, dêr’t neist it teaterstik ek syn pas ferskynde boek Onder Frieslands grauwe hemel (útjouwerij Wijdemeer) de wichtige pylder fan is. Hy is hikke en tein yn de omkrite fan Foudgum en gie dêr as bern nei tsjerke. Syn fassinaasje foar de dramatyske figuer HaverSchmidt set er mei it projekt om nei persoanlike kulturele uteringen. It skript is fan syn hân. Frank de Wilt kaam earder mei Piet Paaltjens yn ’e kunde doe’t er yn 2019 dielnaam oan iepenloftspul Oera Linda yn Suwâld, en is in graach sjoene spiler yn it Fryske teaterfjild.

Premjêre op pechdei
Nettsjinsteande de koartlyn noch strange tichtplichtregels koe Grauwe Hemel ûnderwilens oan de tariedingen foar de teaterproduksje begjinne. It spilet yn en om de tsjerke en pastorij fan Foudgum. HaverSchmidt preke dêr om 1860 hinne en dichte ûnder syn pseudonym Piet Paaltjens. Yn 1867 ferskynde yn Schiedam de dichtbondel Snikken en grimlachjes, der’t de dominy as Piet Paaltjens ferneamd mei wurde soe. Noch altyd is de bondel yn ’e boekhannel te finen.

Oer syn tiid yn it gehucht ûnder de reek fan Dokkum skreau de wat sombere romantikus net tige posityf, al is it mei in tsjokke knypeach. Syn soms humoristyske foardracht ‘Mijn eerste gemeente’ oer it doarp is de basis foar it teaterstik fan Keekstra. De premjêredatum fan it stik oer de poëtyske pechfûgel is net tafallich keazen: op freed de trettjinde maaie is de fjoerdoop. Kaarten binne heal febrewaris te besetten fia de webside www.grauwehemel.frl.

“Geweldige ploech”
De repetysjes binne ûnderwilens úteinset. Der wurdt útgien fan in positive ûntjouwing op it mêd fan de koroanamaatregels. “Dochs tinke we al nei oer alternative foarmen, want hoe dan ek sil der gewoan wat moais barre”, seit de inisjatyfnimmer. “Mei Brecht en Frank sit ik yn in geweldige ploech. Dat wie ek myn eask, want doe’t ik oan dit yntinsive projekt begûn woe ik inkeld mar goede, kreative minsken oan board hawwe, fan websidebouwer en fotograaf oant produksjelieder en regisseur.”

Rânebarren
Neist it boek en de lokaasjefoarstelling bart der mear ûnder de flagge fan Grauwe Hemel, mei de tsjustere rite fan HaverSchmidt yn Foudgum as tema. Sa ferskynde al it spesjaalbier Blondlokkige Johanna, by ferskate saken en fia de webside te keap, en binne der yn ’e oanrin nei it teaterstik yn ’e regio en op oare plakken yn it lân mear eveneminten oer de Fryske tiid fan Nederlânsk bekendste dichter-dominy. Dy binne folop yn ûntwikkeling. Mear ynformaasje folget meikoarten.

jannewaris 23, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.