Tom Egbers op syk nei moaie ferhalen yn it lân fan whisky, kilts en doedelsekken

jannewaris 22, 2022 08:45

Nei it sukses fan Toms Engeland (2018) en Toms Ierland (2019) sil sjoernalist en presintator Tom Egbers opnij op reis, diskear troch Skotlân. Dat rûge lân dêr’t rûge manlju yn kilt al doedelsek spyljend en whiskydrinkend de Ingelske fijân befjochtsje. Of sa giet it âlde ferhaal alteast.

‘Toms Schotland’ (foto: ©NTR)

Tom trochkrúst yn de nije seisdielige searje mei syn blauwe oldtimer it prachtige lânskip en siket yn Toms Schotland nei moaie ferhalen en moetingen om sa de Skotske, autonome siel better te trochgrûnjen. Sa ûntdekt er dat de brútstap ek yn Skotlân foar in protte ûnrêst soarget en dat de histoaryske rop om ûnôfhinklikens fan Grut-Brittannië wer oanboaze is. De tsjinstellingen binne fersterke, de messen wurde slipe. Mar sil in ûnôfhinklik Skotlân yn ’e heine takomst werklikheid wurde of bliuwt it by moaie dreamen? En hoe spand is de relaasje tusken harren dy’t resolút brekke wolle mei de Ingelsken en dy Skotten dy’t just graach de Britske identiteit hâlde wolle?

Tom Egbers (foto: ©NTR)

Yn ’e earste ôflevering rydt Tom yn syn oldtimer de grins fan Ingelân mei Skotlân oer en hoe fierder er it lân ynrydt, hoe lûder de rop om Skotske ûnôfhinklikheid liket te klinken. Wolle de Skotten echt fan Ingelsken skiede of binne it mar wat yrritaasjes tusken dierberen? Op de Highland Games yn Oban, dêr’t ek Anne – de Princess Royal – as sjarme-offinsyf har opwachting makket, hat de lokale befolking syn eigen tinzen. Mar de doedelsekken sille hoe dan ek trochspylje, wylst de sterke manlju út de Heechlannen beamstammen smite.

Yn de oare ôfleveringen fan Toms Schotland wurdt omtinken jûn oan earmoed, it Skotske sporthert, de Skotske identiteit, de klimaatstriid fan Skotlân en de blik op ’e takomst.

Toms Schotland wurdt produsearre troch Blazhoffski.
Rezjy: Finbarr Wilbrink.

Besjoch in foarfilmke.

jannewaris 22, 2022 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.