Tim Prins grutte ferrassing op WK allround foar junioaren
Resint ferskynd
Reedrider Tim Prins fan de Jouwer is twadde wurden op it WK allround foar junioaren. Dêrmei komt syn medaljetotaal oant no ta op trije. Earder wûn Prins al it goud op de 1.500 meter en earder op sneon waard er tredde op de 1.000.
De titel yn Innsbruck (Eastenryk) op de 1.000 meter gong nei Joep Wennemars, dy’t in tiid fan 1.10,65 ried. Dat wie 0,51 sekonde rapper as Tim Prins. It sulver wie ek foar in Nederlanner: Kayo Vos. Wennemars wie freed ek al de rapste op de 500 meter. Prins, dy’t noch mar earstejiers A-junior is, pakte doe de titel op de 1.500 meter.
Op de lêste ôfstân fan it allroundtoernoai, de 5.000 meter, einige Prins as achtste yn 6.50,54. Wennemars waard sânde yn 6.49,71 en pakte dêrmei de allroundtitel. Prins einige as nûmer twa yn it klassemint. It brûns wie foar Emil Pedersen Matre út Noarwegen. Op it NK allround foar junioaren waard Prins ek al twadde efter Wennemars.
By de froulju waard Jildou Hoekstra tsiende op de 1.000 meter. Se finishte yn 1,22.00. Dat wie 2,27 efter winneres Yukino Yoshida út Japan. Hoekstra die net mei oan it allroundtoernoai.
Op snein steane noch de ploege-efterfolging, de teamsprint en de massastart op it programma.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje