Te folle hygiëne soarget mei foar koroana
Resint ferskynd

Wy libje te skjin en wurde dêrtroch siik. Dat seit de Flaamske ymmunolooch Bert Lambrecht. Neffens him hat de moderne hygiëne der mei foar soarge dat minsken sa siik wurde fan it koroanafirus.
Lambrecht wiist derop dat bern dy’t op in buorkerij grut wurde folle minder lêst hawwe as oare bern. Trochdat se allegear stoffen binnenkrije, wurdt it ymmúnsysteem derop treend om sykteferwekkers ûnskealik te meitsjen.
In protte minsken libje lykwols sa skjin dat it ymmúnsysteem soms hiel lang neat te dwaan hat. It reagearret dan fierste hurd as der ris in sykteferwekker yn it lichem komt. Autoymmúnsykten komme dêrtroch neffens Lambrecht no folle faker foar as in pear generaasjes lyn. Oer it koroanafirus seit er: “ons afweersysteem is het de voorbije 50 jaar verleerd te vechten. Komt er dan eens iets nieuws voorbij, dan krijg je een overreactie.”
It ymmúnsystem fan bern soe treend wurde moatte mei stof, is Lambrecht fan betinken. Hy wiist der ek op dat ús iten en drinken faak steryl is. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch, sa seit de ymmunolooch, is it oanpart minsken mei in allergy fjouwer kear sa grut wurden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje