Tebek nei de hagepreek út de sechstjinde iuw

jannewaris 3, 2022 19:11

Ynstjoerd

Kerst Huisman. Foto: It Nijs

Hiel goed kin ik my de tiid yn it ûnthâld werombringe, dat de Ried fan de Fryske Beweging elke moanne in iepenbiere gearkomste hie. Dêr is neat mear fan oer, der binne hast hielendal gjin gearkomsten mear dêr’t jo elkoar wer ris sjen kinne, mei elkoar diskusjearje kinne en ta nije ideeën komme. De gong fan saken mei de Warnsbetinking fan it krekt ferfleine jier soe wolris de nije wize fan Frysk aksjefieren wurde kinne. In bytsje krektlyk as mei de ‘hagepreken’ út de sechstjinde iuw. Fansels net mei in religieus doel sa’t it doe wenst wie, mar oangeande alles wat mei Fryslân en Fryske polityk te krijen hat. De iepenloftgearkomste op 25 septimber 2021 op it Reaklif kaam der mei tank oan it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip, dy’t dêrby hielendal oan it bestjoer fan de âlde Stifting Slach by Warns foarbygyng. Eins dogge de lju fan de anty-faksinbeweging it ek al: gearkomme yn in park, mar dat bart mei in hiel oare bedoeling. Fansels soenen Fryske ‘hagepreken’ net altiten en allinnich op it Reaklif plakfine hoege. Der falt ek te tinken oan it timpeltsje fan Ids Willemsma, de Stiennen Man by Harns, yn de Prinsetún yn Ljouwert (as de boargemaster teminsten net it park troch de ME ôfslute lit), it Sjûkelân yn Frjentsjer of de Keatsebaen yn Wommels as der gjin keatsen is, op de Ûlesprongster iisbaan, yn de bosken fan Bakkefean, Beetstersweach of it Oranjewâld, yn Gaasterlân of op it anargistekamp by Appelskea. Plakken genôch.

Kerst Huisman

By de foto: Aldsjoernalist Kerst Huisman hold ferline jier op in ‘Wylde Warnsbetinking’ mei oaren al in foech hagepreek.

Yn de fideoklip hjirûnder fan it liet ‘Fleane yn ‘e loft’ – makke foar in projekt oer Grutte Pier troch filmer Steven de Jong – is njonken sjongeres Carla de Bruine ûnder oaren ek Kerst Huisman op it Reaklif te sjen.

jannewaris 3, 2022 19:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.