Subsydzje smyt trijehûndert hektare natuergrûn foar NNN op
Resint ferskynd
Twa iepenstellingen fan de subsydzjeregeling Kwaliteitsimpuls Natuur en Landschap (SKNL) smieten yn 2021 oanfragen op foar yn totaal trijehûndert bunder grûn foar Natuurnetwerk Nederland. Mei dy regeling kriget de grûneigener jild om lânbougrûn om te setten nei natuergrûn. It kostet de provinsje Fryslân 10,3 miljoen euro.

Boarne: Provinsje Fryslân
De regeling is iepensteld yn ‘e maitiid en hjerst fan 2021 en levere yn totaal 38 goedkarde oanfragen op. It giet om 107 bunder foar de twa heechste natuerprioriteiten – Kaderrichtlijn Water (KRW) en Natura 2000 – en 193 bunder foar de provinsjale ambysje foar ynrjochting fan it Natuernetwurk. Deputearre Douwe Hoogland: “Trijehûndert bunder natuer is in moaie risping foar ús Natuernetwurk. Wer in stapke tichter by mear bioferskaat yn Fryslân. It is moai dat dizze grûneigeners oan ’e slach wolle mei it omfoarmjen nei en behear fan natuergrûn.”
Natuerbehear
De SKNL biedt grûneigeners mei grûn binnen it Natuernetwurk de mooglikheid om oan partikulier natuerbehear te dwaan. Mei de goedkarde oanfraach hawwe de grûneigeners in jier de tiid om de bestimming fan de grûn te wizigjen nei natuer en ôfspraken te meitsjen oer wat wol en net tastien is op de natuergrûn. Dêrnei wurde de hektares definityf as natuer opnommen yn it Natuurnetwerk Nederland.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje