Stekken om Finsterskoalle en Flintertún yn Noardwâlde om oerlêst tsjin te gean

jannewaris 13, 2022 08:46 Fernijd

Tusken 17 en 21 jannewaris wurde der stekken op ’e tagongsdiken nei de Finsterskoalle en Flintertún yn Noardwâlde set. It kolleezje fan de gemeente Weststellingwerf en Stichting Comprix hoopje dêrmei de oerlêst fan jongelju tsjin te gean. De poarten fan ’e stekken binne ûnder skoaltiid iepen en geane dêrnei op ’t slot.

Ofbylding: Wikipedy – publyk domein

In groep jongelju feroarsaket yn ’e jûnsoeren in protte oerlêst op it skoalplein. Dy bestiet ûnder mear út fernielingen en it spuitsjen fan graffity. Dêrtroch steane der gjin boarterstastellen mear op it skoalplein. Dêrneist wurdt in protte (drugs)ôffal efterlitten en is der sprake fan yntimidaasje troch de jongelju. Skoalbern kinne dêrtroch net feilich op it skoalplein boartsje. Foarbygongers fiele har ek ûnfeilich. It kolleezje fan B&W en Stichting Comprix fine dat it sa net langer kin. Dêrom nimme se maatregels.

Nultolerânsjebelied
Earder waard al in nultolerânsjebelied ynfierd. Dat betsjut dat eltse oertrêding hurd bestraft wurdt. Dochs bliuwt de oerlêst bestean. Dat komt mei troch de ferskate tagongsdiken dy’t as flechtrûtes brûkt wurde. Dêrtroch kinne de plysje en hanthaveners de jongelju net op harren hâlden en dragen oansprekke. De nije stekken op ’e tagongsdiken blokkearje de tagong ta it skoalplein en soargje derfoar dat de jongelju net maklik flechtsje kinne.
As de maatregel fertuten docht, kin it skoalplein wer opknapt wurde mei ûnder oare boarterstastellen.

jannewaris 13, 2022 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.