Spoekskip foar Haachske kust

jannewaris 31, 2022 20:23
Foto: morguefile

Sûnt moandeitemoarn driuwt foar de Hollânske kust in skip sûnder bemanning om. It giet om it Dútske frachtskip Julietta D, dat nei in botsing mei in oaljetenker lek rekke. Nederlânske en Belgyske helptsjinsten hawwe de achttjin bemanningsleden mei in wjukkelmasine fan board helle.

It stjoerleaze skip is nei alle gedachten tsjin in keunstmjittich eilân botst dêr’t de stroom fan in wynpark op see garre en nei de fêstewâl ta laat wurdt. Oer de skea is noch neat bekend. Om’t der in kâns bestiet dat it skip in oaljeplatfoarm wrame sil, binne de meiwurkers dêrfan yn feiligens brocht.

Yn Fryslân wie der net in soad fan te fernimmen, mar yn Hollân gie it moandei need. De stoarm Corrie makke raar wurk op ‘e Noardsee.

jannewaris 31, 2022 20:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.