Spaanske plysje yn finzenis foar mishanneling Katalaanske sjoernalist

jannewaris 26, 2022 13:59
Jordi Borràs (foto: Jordi Borràs, CC BY-SA 4.0)

In Spaanske plysje hat tajûn dat er de Katalaanske sjoernalist Jordi Borràs mei in anty-Katalaansk motyf mishannele en falsk beskuldige hat. De plysje moat de finzenis yn en hy moat Borràs in skeafergoeding betelje. Dat hat in rjochter tiisdei oardiele.

Fjirdel jier lyn wie Borràs by in politike gearkomste om foto’s te meitsjen. Hy stie bekend as pro-Katalaansk en doe’t er it gebou út rûn, waard er op ‘e dyk opkeard troch in man dy’t “Hoera foar Spanje! Hoera foar Franco!” rôp en him in wan bruien joech. Dêrby briek er Borràs de noas en kniesde er him in pear ribben.

De dieder wurke by de plysje en beskuldige Borràs der letter fan dat dy him mishannelje woe en dat it selsferdigening wie. Der wiene lykwols tsjûgen dy’t dat ferhaal ûntkrêftsje koene en yn de rjochtsseal kaam de plysje op syn eardere ferklearring werom. Hy fertelde dat er tige pro-Spaansk en anty-Katalaansk wie en dat er de sjoernalist út politike oertsjûging geweken nommen hie.

De oanklager woe dat de plysje twa jier de sel yn gie en 7500 euro skeafergoeding betelle. De rjochter besleat lykwols ta in legere straf: in jier yn ‘e finzenis en 7000 euro skeafergoeding plus de proseskosten. Fierder mei de plysje fjouwer jier lang gjin kontakt sykje mei Borràs en moat er in selsbehearskingskursus folgje.

jannewaris 26, 2022 13:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.