Sorbysktalige digitale bibleteek beskikber

jannewaris 31, 2022 21:19

Goed trijehûndert Nedersorbyske teksten binne tenei op ynternet beskikber. Wittenskippers hawwe twa jier lang dwaande west mei it sammeljen en digitalisearjen fan âlde boeken en artikels yn it Nedersorbysk, it lytste fan de twa Sorbyske dialekten. Der binne hjoed de dei sa’n fiiftûzen sprekkers. It Heechsorbysk hat sa’n fjirtichtûzen sprekkers.

It Sorbysk wurdt praat yn it easten fan Dútslân: it Heechsorbysk yn de dielsteat Saksen en it Nedersorbsyk yn de dielsteat Brandenburch. Foar de digitale bibleteek binne teksten útsocht dy’t in goed byld jouwe fan de ûntwikkeling fan de taal.

De digitale bibleteek is ûnderdiel fan in grut digitalisearringsprojekt fan it slim bedrige Nedersorbysk. Klik hjir foar de bibleteek en hjir foar oare ûnderdielen fan it projekt.

jannewaris 31, 2022 21:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.