Slimme taaldiskriminaasje yn Eindhoven: ON CAMPUS = ENGLISH SWITCHED ON

jannewaris 18, 2022 22:06

Foto: Simone Wolf / Meertens Instituut

Yn it Brabânsk of Hollânsk in praatsje meitsje yn ‘e kantine? Diskriminaasje! Dat fynt it bestjoer fan de fakulteit beboud gebiet (Department of the Built Environment) fan de technyske universiteit Eindhoven. It hat in lilk brief oan alle meiwurkers stjoerd, dêr’t hja yn oproppen wurde om op it universiteitsterrein altyd allinnich mar Ingelsk te praten.

Yn in gearkomste freegje oft elkenien Nederlânsk behearsket, sadat Ingelsk prate net nedich is? Mei net. Yn it skoft oerskeakelje op de eigen taal? Mei net. Neffens it bestjoer binne dat language games (‘taalspultsjes’) dêr’t meiwurkers fan de universiteit har net guilty (‘skuldich’) oan meitsje meie. De meiwurkers moatte ek foarkomme dat bûtenlanners harren guilty fiele as se it gefoel krije dat dy harren ferbrekke, dus moat der gewoan net mear fan taal wiksele wurde: alle petearen moatte yn it Ingelsk.

De meiwurkers moatte neffens it fakulteitsbestjoer nammentlik inclusive (‘oaren derby beheljend’) wêze en dat kin inkeld mar yn it Ingelsk. Hja moatte boppedat open and welcoming and woke wêze. Oft some old members of staff (‘âlde meiwurkers’) it wol of net in goed idee fine dat de universiteit Ingelsktalich wêze wol, docht der neffens it bestjoer net ta: it is in ferplichting en elk moat soargje dat er it Ingelsk goed behearsket.

Yn it brief stiet yn grutte letters it biedwurd: ON CAMPUS = ENGLISH SWITCHED ON. Dat wol sizze: op it universiteitsterrein, dan allinne mar Ingelsk brûke.

Hoewol’t der yn Fryslân wier sprake is fan taaldiskriminaasje, is it net sa slim as yn Eindhoven. Soks docht tinken oan de tiid dat bern yn Fryslân yn ‘e hoeke set waarden as hja Frysk praten of oan de molkriders dy’t in boete krigen om’t se molke en sûpe op harren molkbussen skreaun hiene, wat de oanlieding wie foar Kneppelfreed yn 1951. De toan fan it brief docht ek tige foaroarlochsk oan.

It brief fan it fakulteitsbestjoer oan de meiwurkers is hjir te lêzen.

jannewaris 18, 2022 22:06
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 jannewaris 18, 23:55

    De feringelsking fan universiteiten kin ik diels begripe, mar it frame en it ‘taalferbod’ (dêr liket it hast wol op) raast fansels oan ‘e protters.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.