Skilderijen en keramyk yn earste eksposysje 2022 by Bax Kunst

jannewaris 25, 2022 08:37 Fernijd

Galery Bax Kunst yn Snits is tige lokkich no’t gau wer fysyk besite ûntfongen wurde mei. Sneon 22 jannewaris is in nije eksposysje iepene mei keunstwurken fan Sonja Steensma fan Warns en Jacqueline Tijssen fan Nieuwegein. Beide keunstneressen hawwe spesjaal foar de galery nij wurk makke.

Wurk fan Sonja Steensma (foto: Bax Kunst)

Wurk fan Sonja Steensma (foto: Bax Kunst)

Dizenige, ferstille skilderijen
Sonja Steensma waard berne yn Kurri Kurri yn Australië en folge har oplieding tekenjen en tekstile wurkfoarmen oan de Ubbo Emmius yn Ljouwert. Sûnt 1987 wennet en wurket se yn Warns.

Troch techniken te kombinearjen mei oare materialen ûntstiet der yn de rin fan de jierren in hiel eigen mingde technyk. Dy lit romte foar flugge linefiering en iepenheid, mar ek foar kleuren en tekstuer. Wat foaral opfalt oan de skilderijen binne de iepen romten, de kleur dy’t fuortdaliks in yndruk fan rêst en dize opropt en de boartlikheid dêr’t dat mei werjûn wurdt. De lêste jierren wurket frou Steensma hieltyd faker op doek. De ûnderwerpen dy’t se tekenet en skilderet, komme meastal yn har neiste omjouwing foar. Foaral de bisten op de pleats binne foar har in dierber ûnderwerp. Mar it Gaasterlânske gea mei syn wrydske greiden, sleatsjes, hikken, ferskûle pleatsen, dakken, húskes en tsjerketuorren wit har ek te boeien. Nei in lang skoft sûnt har lêste ekposysje is frou Steensma no by Bax Kunst werom. Dat fielt as thúskommen.

‘Het water komt’ fan Jacqueline Tijssen (foto: Bax Kunst)

Boartlike, kwetsbere húskes
Foar Jacqueline Tijssen stiet it hûs foar it plak dêr’t de minsklike emoasjes har konsintrearje. It is ek de tredde hûd. It fertelt wa’t en wat ien is. Alle emoasjes kin se yn it tema ‘hûs‘ kwyt. Har nijsgjirrigens nei hoe’t minsken libje, oeral op ’e wrâld, nimt troch har reizen hieltyd ta. De bylden op har netflues set se om yn keramyk. Mar se brûkt de foarm fan it hûs ek om oare ferhalen kwyt te kinnen. Lykas it tema ‘tiid’. By it bouwen fan beamhutten kin se folop har kreativiteit kwyt.

Jacqueline Tijssen komt yn it wetterrike gebiet dêr’t se wennnet hieltyd boaten tsjin. In boat is synonym oan frijheid en it net bûn wêzen. Ynstabyl en beweechlik, mar dochs in thús.

Trochdat der mei de pandemy in protte keramyske kursussen útfoelen, krige frou Tijssen mear tiid foar har eigen wurk. Se krige ynspiraasje ta it meitsjen fan nije objekten mei bygelyks ‘iensumens yn koroanatiid‘ en ‘dreamen’ as tema. Mar de teloargong fan ús ierde kriget ek omtinken mei bylden oer ynsekten dy’t ferdwûn binne en it stigende wetterpeil. Dy en mear objekten binne te sjen en te keap by Bax Kunst.

De eksposysje besytsje
Om de eksposysje te besjen kin foar de moarnsoeren in ôfspraak makke wurde. Middeis is de galery iepen foar publyk en wurde de jildende koroanamaatregels yn acht nommen. Wa’t de eksposysje thús besjen wol kin altyd terjochte op www.baxkunst.nl en op YouTube.
De eksposysje duorret oant en mei 5 maart 2022.

‘Het geredde insect II’ fan Jacqueline Tijssen (foto: Bax Kunst)

jannewaris 25, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.