SisTsiis: Hoe giet it ûnderwilens mei de lessen Fryske taal op de basisskoallen?
Resint ferskynd
Skôging
Troch alle gedoch om koroana hinne soe men hast ferjitte dat guon saken noch hieltiten ús omtinken freegje. Ommers, hjoed-de-dei krije de skoalbern ek – somtiden digitaal – rekkenjen en taal. En dat lêste betsjut foar it grutste part fan Fryslân én de Nederlânske én de Fryske taal. Al wer jierren tebek, yn 1980, is it fak Frysk foar de basisskoallen in wetlike ferplichting wurden. Soks giet by ús fansels as de prosesje fan Echternach, trije stappen foarút en twa tebek, dochs sil it der no einlings fan komme. Yn 2017 hat de provinsje mei eltse basisskoalle in profyl foar de kearndoelen Frysk fêststeld. Dat wie de saneamde nulmjitting. Fan dat momint ôf moat de skoalle alle fjouwer jier ien of twa profilen nei ûnderen oant er yn 2030 of safolle earder foar it fak Frysk de kearndoelen fan profyl A oan ’e bern oanbiedt.
Yn 2018 hat de BoargerAksjegroep SisTsiis derfoar soarge dat dy profilen yn de Frysktalige Wikipedia te finen binne: fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_profilen_Fryske_taal_(basisskoallen).
Om de skoalle fan jo bern of pake- of beppesizzers te sykjen, geane jo nei de plaknamme en krije dêr de list mei de skoallen. Efter de namme stiet it profyl Fryske taal fan 2021.
No wurdt it nei fjouwer jier tiid om ris nei de tuskenstân te sjen. Hoefolle fan dy skoallen hawwe tusken 2017 en 2021 harren profilen ferbettere? Dêrby geane de letters fan de profilen op syn Amerikaansk nei ûnderen ta, dus fan F nei A. Allinne de skoallen mei it profyl G hawwe in folsleine ûntheffing foar it Frysk. Sokken binne te finen op ’e Fryske eilannen en yn de gemeente Weststellingwerf.
SisTsiis hat de ferskillen tusken de profilen fan 2017 en dy fan 2021 yn de folgjende tabel setten.
- Guon skoallen hiene by de nulmjitting in te moai ferhaal. Dy binne wat it profyl oanbelanget tebekset en soene no minder subsydzje krije moatte.
- It docht bliken dat ek yn ’e lêste fjouwer jier in soad lytse skoallen de doarren slute moasten.
- In stik of wat skoallen waarden yn 2017 noch net neamd yn de Wikipedia. Foar safier’t dy skoallen in profyl A, B of C hawwe, fine jo se yn ús tabel.
plaknamme | namme fan de skoalle | profyl | iepen/ | korreksje | profyl |
Akkrum | OBS Akkrum | + | A | ||
Aldegea DFM | ABBS De Fluessen | A | – | C | |
Aldhoarne | OBS Mr J.B. Kanschool | B | sletten | ||
Balk | CBS De Bolster | + | B | ||
Dokkum | CBS Groen van Prinsterer | C | sletten | ||
Drachten | OBS De Tille | A | – | C | |
OBS De Bolder | C | – | E | ||
Droegeham | CBS De Tarissing | B | + | A | |
Easterlittens | CBS De Earnewjuk | A | sletten | ||
Eastermar | Basisskoalle De Twirre | A | – | B | |
Garyp | CBS De Wrâldpoarte | A | – | C | |
Gau | CBS De Twatine | A | sletten | ||
Gytsjerk | CBS Ichthusschool | B | + | A | |
Goaiïngaryp | CBS It Twaspan | A | sletten | ||
Haskerhoarne | OBS De Lytse Mienskip | A | sletten | ||
Heech | CBS It Wrâldfinster | C | sletten | ||
Hilaard | CBS De Reinbôge | C | sletten | ||
De Jouwer | Dr. E.A Borgerschool | + | B | ||
Kollum | OBS Professor Casimir | B | + | A | |
De Lemmer | CBS De Arke | C | + | B | |
Lúnbert | SWS De Nijewier | + | C | ||
Lúkswâld | Basisskoalle De Hoekstien | + | C | ||
Mantgum | OBS De Gielguorde | A | – | B | |
Nij Beets | CBS De Arke | + | A | ||
Nijewier | CBS Bij de Boarne | A | sletten | ||
Nijhoarne | CBS Mr. S. Wybrandischool | B | + | A | |
Oentsjerk | CBS Paadwizer | A | – | B | |
Reitsum | CBS De Flieterpen | A | sletten | ||
Ryptsjerk | CBS Alpha | C | + | A | |
Rottefalle | SWS It Werflân | + | B | ||
Sint-Nyk | OBS De Beuk | C | sletten | ||
Skettens | CBS De Trijetine | A | sletten | ||
Sondel | CBS Op ‘e Terp | A | sletten | ||
Spannum | CBS De Tarissing | B | sletten | ||
Tersoal | CNS De Reinbôge | B | sletten | ||
De Tike | CBS De Gielguorde | C | sletten | ||
Tsjerkwert | CBS De Reinbôge | C | + | B | |
De Westereen | IBS ’t Pompeblêd | C | + | B | |
CBS De Boustien | + | C | |||
Wommels | CBS It Fûnemint | + | A |
- Der wiene yn 2017 njoggen skoallen mei in profyl A, B of C dy’t noch net yn de Wikipedia stiene.
- Lokkigerwize krigen de fusearjende skoallen hast altiten it profyl Frysk fan de skoalle mei it bêste (dus leechste) profyl.
- Tusken 2017 en 2021 hawwe acht skoallen har echt ferbettere! Dat binne de skoallen mei in fette letter yn de lêste kolom.
As jo no goed of krekt net te sprekken binne oer de lessen Fryske taal op de skoalle fan de bern, of pake- of beppesizzers, dan kinne jo it folgjende dwaan.
- Op de webside www.sistsiis.frl stiet in trochrinnende enkête dy’t jo tegearre mei de bern bylâns kinne. De gegevens fan de enkête binne net werom te lieden nei jo of de bern. Sels mei in pear ynfollers jout soks al in hiel aardich byld fan de gong fan saken op sa’n skoalle.
- Fansels kinne jo ek kontakt mei ús opnimme oer sistsiis@hotmail.com. Dan sykje wy – ûnder ôfskermjen fan jo en de bern – eventueel kontakt mei de skoalle.
BoargerAksjegroep SisTsiis
Salang de prestaasjes der net ta dogge is it fansels fluch in kertierke Frysk en troch nei de fakken wêr de skoallen wol op ôfrekkene wurde.
wêr de = dêr’t de
Skoalle Mildaam mist!
Bêste Kramer,
Yn de Frysktalige Wikipedia stiet dy skoalle sa:
Mildaam – It Hearrenfean
OBS Tjongerschool – profyl B
Hy stil kwa profyl tusken 2017 en 2021 net foarútgien wêze.
Grou en Wurdum steane der ek net by.
Bêste Nynke,
[SisTsiis hat de ferskillen tusken de profilen fan 2017 en dy fan 2021 yn de folgjende tabel setten.]
Alle skoallen steane gewoan op de Frysktalige Wikipedia en boppedat steane dy mei feroaringen yn dizze lytse tabel. De link nei de Wikipedia fynst yn it begjin fan it artikel.