Sineeske rjochter ferbiedt ûnderwiis yn minderheidstalen
Resint ferskynd

Skoallen yn Sina meie gjin les jaan yn minderheidstalen. Dat hat in Sineeske rjochter útmakke. De Sineeske oerheid hie de rjochter frege om te besjen oft it ûnderwizen fan Mongoalsk, Tibetaansk en oare regionale talen wol neffens de Sineeske grûnwet wie. De rjochter oardiele fan net.
De ôfrûne jierren komme de autochtoane lytse talen op yn it ûnderwiis, gauris mei stipe fan lokale en regionale oerheden. Yn de Sineeske grûnwet en de ûnderwiiswet stiet lykwols dat it gebrûk fan it Mandaryn-Sineesk befoardere wurde moat. Neffens de rjochtbank betsjtut dat dat skoallen harren op dy taal rjochtsje moatte en net op lytse talen. Taalminderheden soene genôch mooglikheden hawwe om sels wat foar harren taal te dwaan.
Underwiis yn frjemde talen lykas Ingelsk, Russysk en Japansk is net ferbean yn Sina. Der binne yn it noardeasten fan Sina sels in protte twatalige skoallen, dy’t ien fan dy trije frjemde talen as fiertaal brûke, neist it Sineesk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje