Simone Djurrema: Panyk, brân en hoe’t it dochs goed kaam

jannewaris 1, 2022 07:00 Fernijd

Kollum

It is hast net te leauwen, mar ik skriuw dizze kollum op tiisdeitejûn op it wurk. As persoanlik assistent moat ik fansels wol wat dwaan, mar der binne mominten dat de frou dy’t yn in rolstoel sit, efkes rêst of telefyzje sjocht en dan moat ik gewoan ‘stand-by’ wêze. Dat is no it gefal. Ik haw de laptop mei, dat ik moat der no by wêze om de kollum te skriuwen.

Ik moat oant jûn alve oere wurkje. It snijt de hiele dei al. Doe’t ik fan ’e moarn fuortgie haw ik foar de wissichheid útfanhûzersspul yn ‘e tas smiten, want ik haw myn grutte 4×4 Volvo net mear, mar in Saab dy’t nochal leech by de grûn is. Op de wei nei ús hûs ta wol de snie op de dyk wolris sa gau yn bulten waaie dat de skowers it net byhâlde kinne en dan sit men samar fêst, hielendal mei dy auto fan my, tink ik. Ik hoopje dat ik nei hûs kin, mar ik hoech it ûngemak ek net út te daagjen. Wy sille fan ’e jûn mar wer ris even yn it waar sjen.

Ja, ik tocht, lit my ris besykje om de lêzers nijsgjirrich te meitsjen mei in sensasjonele titel. Is dat slagge? Brân? Panyk? Alles doocht, mar net sa’t it liket, gelokkich. Ik sil it mar efkes útlizze.

Wy hiene mei de krystdagen famylje op besite. Se hierden it reade hûs fan ‘e buorman op Rörkärr https://ladugardennederlands.wordpress.com/over-rorkarr/. It wie foar harren hiel apart om te sjen dat minsken hjir hast nea mei in mûlekapke om rinne. Mar dat betsjut net dat der neat oan dien wurd. Om’t ik mei minsken yn risikogroepen wurkje hiene we al sein: “Spitigernôch wolle we net mear as twa fan jimme tagelyk yn ‘e hûs hawwe. Net om’t wy bang binne om it sels te krijen, mar om dy oaren te beskermjen.” Dat is wol skrinend, want wy sjogge de famylje net faak, mar wy wolle yn ferbân mei koroana nei eare en gewisse sizze kinne dat we alles dien hawwe wat we kinne. It is bekend dat wat grutter in romte is en wat better der fentilearre wurdt, wat minder kâns der op besmetting is. Wy hawwe net in grut hûs, dat dan mar wat minder minsken.

Wy hawwe harren úteinlik allinnich bûtendoar troffen, mar wy hiene dan ek prachtich waar! It hie snijd en de sinne hat in protte skynd. Wite krystdagen! Wy koene moai te kuierjen. Wy hiene ôfpraat dat we Twadde Krystdei in kampfjoer meitsje soene en dêr oan stokken woarst boppe barbequee soene. En marshmallows. Ik wie bang dat we nei in healoere ferklomje soene, mar dan hiene we it yn alle gefallen besocht. Yn Sweden steane de minsken wol faker yn de winter thús of yn ’e bosk woarst te ‘grillen’.

Foto SD

In oerke foardat we los soene wie it panyk! Ien hie lêzen dat der fan moandei ôf nije koroanaregels yngean soene. Der stie dat elkenien dy’t Denemarken yn woe, yninte of net, him teste litte moast. Dat soe ûngefear € 100,- de persoan kostje, en se binne mei syn sânen! Dat se wiene al mei ynpakken begûn, want dat moast mar net. Dan koene se foar de nacht, it soe wol om 00.00 oere yngean, yn Dútslân wêze. Ik fûn it fansels hielendal net aardich, mar ik begriep it ek wol wer. Wat in teloarstelling…

Doe tocht ik nochris nei. Dat koe net wier wêze… Ik moast wat fierder sykje, mar der blieken útsûnderingen te wêzen. As men binnen 24 oeren it lân wer út wie hoegde der net test te wurden. Ik wer belje, se hiene al ynpakt, mar se soene it yn ‘e groep goaie, en doe waard besletten dat se bliuwe soene!

De keardels begûnen te fikjen, Hindrik hat nochal wat oan it seagjen west, dat der leine genôch tûken en houtôffal. We snoeiden wat wylgetûken om dy as ekstra lange prippers te brûken. Dy hiene we wol nedich! It fjoer waard aardich grut. Twa fan de froulju seine: “It is krystiid! Wy wolle in jurkje oan hawwe!” Ik waard al kâld doe’t ik harren panty’s seach, mar ik wit noch krekt hoe’t iksels wie doe’t ik sa âld wie, dat ik tocht: se fernimme it fansels. Gelokkich hiene se wol dikke jassen oan.

Foto SD

No, se hiene nearne lêst fan! It wie in bêste brân, en sa hjit dat we sa no en dan in stapke efterút moasten! We hawwe oeren bûten west, oant it donker wie. Doe waard it noch geselliger! De woartkes smakken bêst. We ieten letter noch taart, mar doe waard it dochs wat te kâld om ‘e kont, ek foar my, wylst ik in skybroek oan hie. Doe gie elkenien tefreden wer nei syn húske. Dat úteinlik kaam it allegearre mear as goed!

No binne we hast oan âld en nij ta. As jimme dit lêze, hawwe we alle feestagen hast efter de rêch en is de snie hjir spitigernôch misskien ek al wer fuort. Ik hoopje mar dat it nije jier – dat der no like benearjend útsjocht as de titel fan dizze kollum – miskien dochs wol mei wat skrik en panyk, úteinlik folle better einigje sil as we ferwachte hiene. Krekt as dizze kollum.

Ik winskje jimme, út in wyt Sweden wei, folle lok en seine ta foar takomme jier!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

jannewaris 1, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.