Rydeksamen tenei inkeld foar minsken dy’t al goed autoride kinne
Resint ferskynd

Der dogge tefolle minsken rydeksamen dy’t noch net goed autoride kinne. Dat seit it CBR, dat de rydeksamens yn Nederlân ôfnimt. Alle jierren wurde trijetûzen rydeksamens net ôfmakke, om’t de eksaminator it net fertroud achtet dat de kandidaat fierder rydt. Tenei moat der in gruttere garânsje komme dat minsken dy’t eksamen dogge echt al selsstannich feilich ride kinne.
It CBR wol dat bewurkje trochdat kandidaten tenei fan twa ynstrukteurs fan ferskillende rydskoallen tastimming krije om oan it eksamen mei te dwaan. Hja moatte in foarseleksje meitsje. Dat der in ynstrukteur fan in oare rydskoalle by sitte moat, is omdat kandidaten de eigen rydskoalle faak ûnder druk sette om harren foar it eksamen oan te melden as hja noch net goed genôch binne.
Mei dy maatregel hopet it CBR dat folle minder minsken rydeksamen dwaan wolle. Sa kin net allinne it persintaazje minsken dy’t mei goed gefolch ôfride omheech brocht wurde, mar kin ek wat dien wurde oan de lange wachtlisten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje