Romteteleskoop noch trije wike ûnderweis
Resint ferskynd
Yn Frânsk-Guyana is op Earste Krystdei mei sukses de James Webb-romteteleskoop lansearre. Dat barde mei in Ariane 5-raket fan de Europeeske romtefeartbasis yn Kourou ôf.

James Webb-romteteleskoop (ôfbylding: NASA)
De lansearring wie fanwege technyske problemen en in hurde wyn al in pear kear útsteld, mar 25 desimber wiene de omstannichheden goed. De teleskoop waard foar de lansearring opteard yn in spesjaal oanpaste kapsule fan de raket, dy’t sa’n trije minuten nei de lansearring ôfstjitten waard. Nei 27 minuten waard de teleskoop dêrnei loslitten.
De reis nei syn einbestimming, in baan om de sinne hinne op goed oardel miljoen kilometer ôfstân fan de ierde, duorret no noch likernôch trije wike. Underdielen fan de teleskoop sille har ûnderweis útteare, lykas it sinneskerm mei it formaat fan in tennisbaan. Kanada, Europa en de Feriene Steaten hawwe mei-inoar oan it projekt wurke. Nederlânske ûntwerpers, yngenieurs en astronomen wurken de ôfrûne 25 jier ek mei oan twa fan de fjouwer wittenskiplike projekten op de romteteleskoop.
“Wy sjogge no út nei de prachtige bylden en spektra dy’t Webb generearje sil”, seit ESA-projektwittenskipper Antonella Nota. “De Europeeske astronomyske mienskip kin net wachtsje om de resultaten te sjen.” Europeeske wittenskippers krije yn it earste jier fan de romteteleskoop in tredde fan de saneamde ‘waarnimtiid’.
De James Webb-teleskoop is de opfolger fan de ferneamde Hubble út 1990 en kin noch djipper de romte yn sjen. De ûntwikkelers hoopje dat er yn elts gefal tsien jier meigiet en dat se it ljocht opfange kinne fan de earste stjerren en stjerrestelsels dy’t nei de oerknal ûntstiene.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje