Rjochter: Aksje foar Minority Safepack wie legaal
Resint ferskynd

De hantekeninge-aksje foar it Minority Safepack wie legaal. Dat hat it Europeeske Hof fan Justysje tongersdei sein. By dy aksje waarden mear as in miljoen hantekens ophelle as stipe foar in rige Europeeske maatregels om minderheidstalen better te beskermjen. By dy maatregels hearre Europeeske fûnsen foar it stypjen fan minderheidstalen, it opnimmen fan taalbehâld yn de doelen fan Europeeske ûntwikkelingsfûnsen en it opsetten fan in Europeesk ûndersykssintrum foar meartaligens.
Hoewol’t it Europeesk Parlemint foarstanner is fan dy maatregels, hat de Europeeske Kommisje it trochfieren derfan ferline jier opkeard. De provinsje Fryslân hat doe in ‘moasje fan treurnis’ oannommen, om’t de Kommisje neat mei it Minority Safepack dwaan woe.
It regear fan Roemenië besiket al jierren om sjen te litten dat de hantekeninge-aksje gjin juridyske basis hie, mar foar de fyfde kear hat in rjochter no oardiele dat dy basis der wis wol is.
Lês alles oer dit inisjatyf, dêr’t Fryske Bewegers wakker foars skrept hawwe, yn ItNijs-dossier Minority Safepack.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje